1 maaie-fiering yn Ljouwert

01 maaie 2014 - 11:22

De PvdA-ôfdieling fan Ljouwert hat tongersei de jierlikse 1 maaie-fiering hâlden yn De Bres. It programma bestie út in debat oer de soarch, dêr't ûnder oare wethâlder Andries Ekhart en Roelie Mossel, direkteur fan Palet oan meidiene.

Dêrneist hat Peter de Jonge, âld-boargemaster fan Hearrenfean wat ferteld oer de skiednis fan de 1 maaie-fiering en krigen partijleden spjeldsjes fan fertsjinste opspjelde, omdat se 25 of 50 jier lid binne fan de PvdA.

Trefwurden: 
Ljouwert PvdA 1 maaie
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)