Man ferberget drugs yn de mûle

01 maaie 2014 - 10:32

De plysje hat in Ljouwerter (39) oppakt mei fiif boltsjes harddrugs yn de mûle. It gong om heroïne en kokaïne. Plysjeminsken seagen de man tiisdeitemiddei hanneljen yn de drugs op de Weaze. By syn arrestaasje hie er besocht de boltsjes te ferbergjen. De drugs binne yn beslach nommen.

(advertinsje)
(advertinsje)