Arne Slot assistint by Cambuur
Ald-fuotballer Arne Slot wurdt takom seizoen de assistint fan haadtrainer Henk de Jong by SC Cambuur. Slot (35) tekenet in kontrakt foar twa jier. It ôfrûne jier wie de âld-spiler fan PEC Zwolle jeugtrainer by dy klup en skout fan it earste alvetal.
Njonken Slot meitsje Jan Bruin, Sandor van der Heide en René Grotenhuis de technyske staf fan Henk de Jong kompleet.