MIshanneling Ljouwert en Heech

Plysje-embleem © ANP
In man (68) út it Brabânske Drunen is woansdeitejûn oan It Eilân yn Heech yn it wetter goaid troch in plakgenoat (58). It slachtoffer hie lêst fan it lûd fan de fertochte en frege oft it wat minder koe. Der ûntstie in wrakseling wêrby't it slachtoffer te wetter rekke. De man rekke ferwûne oan de mûle en de earm. De fertochte is oppakt.
Ek yn Ljouwert is woansdeitejûn in ynwenner (26) arresteard foar mishanneling. Hy hie op de Verlengde Schrans syn freondinne (45) mishannele. In tsjûge hat de plysje belle.