Fertraging foar nij MFA Lemmer

De bou fan in multyfunksjonele akkommodaasje yn de wyk Lemstervaart op De Lemmer rint minimaal in healjier fertraging op. De gemeente De Fryske Marren en Lyaemer Wonen hawwe in ûndersyk ynsteld om der wis fan te wêzen dat der gjin sprake is fan steatsstipe. De gemeente hat yn totaal 1,9 miljoen euro oan wenningkorporaasje Lyaemer jûn foar húsfesting fan basisskoalle De Meerpaal en wykferiening De Steiger.
Dy gebouwen lizze njonken de boulokaasje. De sloop fan it âlde buertsintrum It Flaggeskip soe om dizze tiid hinne útein sette.
De gemeente De Fryske Marren ferwachtet dat it ûndersyk in moanne duorje sil. It nije MFA soe foar de simmer fan 2015 klear wêze.