Merke sûnder lûd en ljocht

30 apr 2014 - 22:04

Yn Dokkum is tongersdei in prikkelearme merke. Foar in soad jongeren is in merke grut feest, mar der is ek in groep dy't net goed oer de drokte kin. Sa kinne bygelyks minsken mei autisme of epilepsy faak net oer de ljocht- en lûdseffekten. Spesjaal foar dizze groep wurdt dêrom in rêstige merke organissearre, mei minder leven en minder ljochteffekten. Fierder gean de attraksjes ek stadiger. De prikkelearme merke duorret fan 15:00 oant 17:00 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)