Jansen assistint Hearrenfean

Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje © Martin de Jong
Johnny Jansen wurdt sa goed as wis de nije assistint-trainer fan Sportklup Hearrenfean. Jansen wie earder ek al assistint fan Trond Sollied en is no trainer fan de A-junioaren en haad jeugdoplieding. Ek Tieme Klompe hat in nije oanbieding krigen. Jansen en Klompe sille dizze wike yn petear mei de klup.
Foar de funksje fan haad jeugdoplieding hat SC Hearrenfean it each falle litte op Hans Schrijver. De âld-trainer fan Snits is no trainer by Genemuiden en technysk koördinator by Cambuur.