Dútsers wolkom op 4 maaie

30 apr 2014 - 21:10

De Ljouwerter filmklup Cinema Ascona wol op 4 maaie tegearre mei de Dútske mienskip stilstean by de slachtoffers fan de Twadde Wrâldoarloch. De jûn begjint mei twa minuten stilte en dêrnei wurde der Dútske films toand dy't de bân tusken Nederlân en Dútslân sjen litte.

Sa wol Cinema Ascona stilstean by de goede ferhâlding tusken Dútslân en Nederlân sûnt de ein fan de oarloch. Neffens Cinema Ascona meie minsken sels witte oft se op 4 maaie wol of gjin Dútsers by de betinking hawwe wolle. Sy hawwe der foar keazen om se wol út te noegjen.

Foar in soad krityk binne se net benaud.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)