Regels stikstofútstjit skerper

Foar boeren yn de omjouwing fan Natura-2000 gebieten wurdt it dreger om har bedriuw út te wreidzjen. Neffens de Ried fan Steat binne útwreidings tenei allinnich mooglik as oantoand wurde kin dat der gjin ekstra stikstof útstjitten wurdt. De rie tinkt dat ek in hiele lytse ekstra útstjit al grutte gefolgen hawwe kin foar de natuergebieten. Foar Fryslân betsjut de útspraak dat 17 fergunnnings dy't al útjûn wiene, opnij besjoen wurde moatte. De kâns is grut dat in tal fan har net wer in fergunning krijt foar útwreiding.