Miljeufreonlike deakiste

Minsken kinne meikoarten yn in miljeufreonlike deakiste begroeven wurde. It idee dêrfoar komt ûnder oare fan It Fryske Gea. De kiste wurdt makke fan hout út de natuergebieten. Grêfkistefabryk Kaspersma fan Dokkum set de kisten yninoar. Dêrby wurde gjin skealike stoffen brûkt. Ek by de beklaaiïng wurde miljeufreonlike stoffen brûkt. It jild dat de kiste opbringt, wurdt wer ynvestearre yn de natuer.