Opknapbeurt hûzen Dokkum

Tsientallen wenningen fan wenningboukorporaasje Thús Wonen yn Dokkum wurde it kommende jier foar in grut part renovearre. It giet om 136 wenningen yn de wyk Hoedemakerspolder. Benammen húskes, dûsen en keukens binne oan ferfanging ta. De flierren binne oantaaste troch ûnder oare grûnwetter en dêrtroch is der skimmel op kaam. De grûnflier wurdt folslein ferfongen. De hûzen moatte ek enerzjysuniger wurde. It wurk kostet per wenning sa'n trije wiken. Yn dy tiid wurde de bewenners ûnderbrocht yn in oare wenning.