Drokte by fûgelopfangsintra

30 apr 2014 - 15:19

Fryske fûgelopfangsintra ha it drok. No't de maitiid folle betider ynset is, wurde by de Fûgelpits yn Moddergat en de Fûgelhelling yn Oerterp in opfallend soad jonge bisten binnenbrocht. Yn Oerterp binne seis jonge boskûlen dy't út it nêst fallen wienen. In wike lyn is ek in jong reekealtsje by de opfang brocht.

Yn de ôfrûne hjerst en winter wie it hiel rêstich by de Fûgelpits en de Fûgelhelling. Troch de mylde winter koenen de bisten genôch fretten fine en rekken se net ferswakt. By de Fûgelhelling wie sa'n 20 prosint minder binnenbrocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)