Tekoart oan wiskundeleararen

Der is in grut tekoart oan wiskundeleararen en dat driget ek yn Fryslân in probleem te wurden. In wiskundelearaar kin tsjintwurdich wol op 10 plakken tagelyk oan it wurk. Wiskundeleararen kinne útsein foar de klasse ek yn it bedriuwslibben oan de slach en dêr lizze de leanen heger en binne de karriêremooglikheden grutter. Ferline jier kamen der mar goed 200 nije leararen fan skoalle, wylst der yn it hiele lân 528 fakatueres binne.