Bysûndere rit foar pasjinten

30 apr 2014 - 12:33

Op sneon 24 maaie giet der in bysûndere optocht troch de provinsje. Dan starte yn The Ride For You 50 bysûndere auto's mei bysûndere passazjiers yn Beetstersweach om middeis út te kommen op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. De passazjiers binne jongeren mei in seldsume sykte, dêr't gjin pasjinteferiening of belangeklup foar is. De toer is in inisjatyf fan de stichting Femke Foundation, dy't him ynset om foar dizze pasjinten bysûndere winsken útkomme te litten.

Sjoch hjir foar de webside fan de stichting.

Trefwurden: 
pasjint The Ride For You
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)