Steatsboskbehear siket om jild

30 apr 2014 - 12:12

It ûnderhâld fan picknickbankjes, fyts- en kuierpaden yn de natuer troch Steatsboskbehear bliuwt in probleem. Ek no't de provinsje dit jier 7,4 miljoen euro oermakket nei de natuerbehearder. De tekoarten ûntsteane trochdat it Ryk it behear fan de natuer oerdien hat oan de provinsjes, mar dêrby net it jild dien hat om de rekreative foarsjennings yn de natuer te ûnderhâlden. De provinsje is net fan doel dy tekoarten oan te foljen. Wol is foar elke bunder natuer 30 euro beskikber om de foarsjennings te ûnderhâlden, mar dat is noch te min.

Steatsboskbehear siket fierder om jild. Dêrfoar wurdt oerlein mei alle oerheden, mar der wurdt ek sjoen nei rekreaasjebedriuwen dy't profitearje fan de foarsjennings yn natuergebieten.

Trefwurden: 
Steatsboskbehear natuer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)