Gjin keapsnein yn Drachten

30 apr 2014 - 11:37

De VVD yn Smellingerlân fynt it spitich dat it nije kolleezje fan boargemaster en wethâlders de iepening fan winkels op snein net tastiet. De partij fynt dat ûndernimmers sels beslute meie oft se al of net har winkel sneins iepen dogge. It nije kolleezje fan PvdA, SP, ChristenUnie en D66 is ûnder oare tsjin keapsneinen fanwege de gefolgen foar de lytsere winkellju yn it Drachtster sintrum. Benammen de grutwinkelbedriuwen binne foarstanner.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)