Fisker mei yllegale ielfûke

In fisker is bekeurd foar it fiskjen mei in ielfûke dy't allinnich mar troch beropsfiskers brûkt wurde mei. By in kontrôle op yllegale snoekbearsfiskerij fûnen opspoaringsamtners fan Sportfiskerij Fryslân in ielfûke mei ûntsnappingsringen. Se wisten dat dy net fan ien fan noch besteande beropsfiskers wie en namen de fûke mei. Neier ûndersyk makke dúdlik dat er fan in eks-beropsfisker wie. Dy brûkte de fûke om sa no en dan noch wat iel te fangen en te rikjen, hy hat de fûke frijwillich ynlevere.