Provinsjaal jild foar SBB

29 apr 2014 - 20:56

Steatsboskbehear krijt dit jier goed 7,4 miljoen euro fan de provinsje foar it behear fan natuergebieten yn Fryslân. Mei dat jild moatte ek de kuier-, fyts- en ruterpaden ûnderhâlden wurde. Steatsbosk hat grutte natuergebieten yn Fryslân, werûnder it Drents-Friese Wold, Lauwersmar, de Boschplaat en Gaasterlân.

Dit is it earste jier dat de provinsjes ferantwurdlik binne foar it natuerbehear. Earder wie dit in taak fan it Ryk. Njonken Steatsbosk hat ek de Unie van Bosgroepen in provinsjale subsydzje krigen fan goed 22-tûzen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)