Yorick Haan nei lokale omrop
De eardere boargemaster fan Flylân, Yorick Haan, wurdt haadredakteur fan de lokale omrop yn Schiedam. Haan moast yn juny 2013 opstappe as boargemaster, nei in roddel oer in relaasje dy't er hân hawwe soe mei in frou op it eilân.
De gemeenteried sei it fertrouwen yn him op. Yorick Haan wie foardat er nei Flylân kaam wethâlder yn Schiedam.