Lykkistefabryk wer opboud

29 apr 2014 - 13:55

Lykkistebouwer Hoogland yn Burgum lit in nije fabryk bouwe oan de Elingsloane. Ein jannewaris gie it gebou ferlern by in grutte brân. It bedriuw produsearret no tydlik kisten yn in bedriuwsgebou yn Sumar, mar wol graach in nije fabryk bouwe op it plak dêr't it eardere festige wie.

It gebou wurdt grutter as it âlde. Hoogland wol mear eksportearje en ferwachtet mear fraach nei kisten troch de troch de tanimmende fergrizing. Hoogland sil ynkoarten ek miljeufreonlike bamboe-lykkisten op de merk bringe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)