Nominaasje flearmûzeprojekt

It flearmûzeprojekt yn Tsjerkwert makket kâns op de lanlike priis 'De Gouden Zwaluw'. Yn Tsjerkwert wurde op inisjatyf fan de Fryske Miljeu Federaasje de flearmûzen yn de tsjerke folge mei kamera's. Bylden dêrfan binne yn de tsjerke sels op skermen te sjen.
Mei-elkoar komme seis projekten yn oanmerking foar de priis. Dy wurdt op 12 juny útrikt.