Beswieren tsjin sinnepark

29 apr 2014 - 12:22

Der is in soad beswier tsjin de bou fan in sinnepanielepark by it fleanfjild op It Amelân. LTO-Noord en de beide fûgelwachten kinne har bygelyks net fine yn it bebouwen fan tsien hektare fûgellân. Dat is net goed foar de natoer, it iepen lânskip en it toerisme.

De tsjinstanners fine dat it park mear yn de dunen komme moat, mar dat is beskerme natoergebiet. It stik greide by it fleanfjild is fan de gemeente en kin makliker beboud wurde. En it moat hurd, want oars rint de inisjatynimmer, De Amelander Energie Coöperatie, subsydzje mis.

De ferwachting is dat der by de oanfraach foar de boufergunning in soad beswieren yntsjinne wurde sille.

Trefwurden: 
It Amelân sinnepark
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)