Natuercampings dogge it goed

29 apr 2014 - 11:59

De natuerkampearterreinen yn Fryslân hawwe ferline jier mear besikers lutsen as yn 2012. Dat meldt de oerkoepeljende stichting. It byld yn Fryslân komt dêrmei oerien mei it lanlike byld. Natuercamping It Dreamlân yn Kollumerpomp hie ferline jier in ferdûbeling fan it tal oernachtings neffens 2012.

Yn Fryslân binne 18 natuerkampearterreinen, seis dêrfan lizze op de Waadeilannen. Op de terreinen oernachten ferline jier hast 93.000 minsken, 3000 mear as yn 2012. Goed 40.000 dêrfan keazen foar de Waadeilannen.

Trefwurden: 
natuercamping
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)