Masturbearjende motorrider
De plysje op It Hearrenfean hat moandei in motorrider oanhâlden dy't ûnder it riden oan it masturbearjen wie. In tsjûge seach de motorrider op de paralleldyk lâns de A32 riden en joech it kenteken troch oan de plysje. Doe't de plysje de man oanspruts op syn gedrach joech hy dat ta.