Frou falt op glêzen tafel

Geweld © Omrop Fryslân
De plysje hat moandeitemiddei in 25-jierrige Ljouwerter oanhâlden. De man wurdt der fan fertocht dat er syn eks-freondinne bedrige en mishannele hat. De frou is dêrby op in glêzen tafel fallen. Nei de mishanneling naaide de man út mei de laptop fan de frou.
De plysje hat de man yn syn eigen hús oanhâlden. De laptop is yn beslach namme en de man is ynsletten foar ferhoar.