Frou slachtoffer babbeltrúk

Plysje-embleem © ANP
In frou fan 84 jier út Drachten is justermiddei it slachtoffer wurden fan in babbeltrúk. De frou wennet oan de Uitgang en krige in ûnbekende frou oan de doar dy't fertelde dat se de nije buorfrou wurde soe. Dêrom woe se de badkeamer graach even besjen. De frou hat de gelegenheid brûkt om jild út de sliepkeamer mei te nimmen. De bewenster ûntduts de stellerij leter pas.
De fertochte is in frou mei donker hier en donkere klean oan en se prate hiel fluch. De plysje ûndersiket de saak.