Grutte rampe-oefening Waadsee

De feilichheidsregio is tefreden oer it ferrin fan in grutte rampe-oefening op de Waadsee mei de KNRM. Der waard oefene yn ferbân mei de kommende Tall Shipsrace. De organisaasje foar de beropssjarterfeart hie oantrune op sa'n oefening.
De Tall Shipsrace docht op 3 july Harns oan. Der komme gruttere skippen nei de haven as oars en dan is it handich dat de ferskate tsjinsten dêrop ynspile binne. Hjir gie it om in oefening dêr't in tall ship by oan de grûn rûn wie. De minsken dy't dêrby ferwûne rekken, moasten sa gau as mooglik fan board.
Dat slagge oer it algemien goed. Dochs wie de oefening foar de boargemasters fan Skylge en Harns en de direkteur fan de feilichheidsregio reden om ynkoarten om tafel te sitten om de lêste feilichheidsfraachstikken goed troch te praten.