Oername restaurant Poldervaart

28 apr 2014 - 22:43

Topkok Marco Poldervaart út Harns hâldt op 1 maaie op mei syn restaurant Frish 'n Dish. Poldervaart wol him hielendal rjochtsje op 't Havenmantsje. De útwreiding fan dat restaurant kostet in soad tiid en de masterkok wol him dêr folslein foar ynsette. 't Havenmantsje bestiet yn septimber twa jier.

Iris van der Zee, âld-wurknimmer fan Poldervaart, nimt Frish 'n Dish oer. It restaurant giet fierder ûnder de namme Brasserie de Jasmijn. De ferbouwing fan 't Havenmantsje set takom jier útein.

Der sil dan in sêre oanboud wurde der't Poldervaart in nij konsept útwurkje wol. Wat dat krekt wurdt, wol de masterkok noch net sizze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)