Amelân stekt jild yn sinnepark

28 apr 2014 - 21:31

De earste stap foar in grut sinnepark op It Amelân is set. De gemeenteried hat moandei ynstimd mei it fleanfjild by Ballum as lokaasje. De gemeente is ree om goed 2,6 miljoen euro yn it projekt te stekken. Mei it jild is de begrutting rûn. Oare bydragen komme fan de Amelander Energie Coöperatie (1 miljoen euro), de provinsje (goed 3 ton) en it Waadfûns (2,6 miljoen euro).

It sinnepark wurdt mei 10 hektare it grutste fan Nederlân. Der komme goed 24.000 sinnepanielen. Dy moatte 20 prosint fan de elektrisiteit fan it eilân opwekke.

As alles goed giet, kin it park oer in jier klear wêze. De gemeente en de enerzjykoöperaasje wurkje gear mei Eneco. It Amelân wol yn 2020 folslein enerzjyneutraal wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)