A-Ware siket melkfeehâlders

Molk- en tsiisfabryk A-Ware fan It Hearrenfean is noch op syk nei boeren dy't molke leverje kinne. It fabryk is ein ferline jier begûn mei de werving fan melkfeehâlders. Mei-inoar hat A-Ware 200 miljoen kilo molke nedich foar de produksje. Dêr wurdt dan 100-tûzen ton tsiis fan makke.
A-Ware siket boeren yn Fryslân, Grinslân, Drinte of Flevolân. Ek is it bedriuw noch hieltyd op syk nei nij personiel. Ein dit jier moat de earste tsiis produsearre wurde op It Hearrenfean.