Smellingerlân siket dichter

28 apr 2014 - 17:34

De gemeente Smellingerlân siket in nije gemeentedichter. Sanne van Balen út Boarnburgum wie de earste gemeentedichter fan Smellingerlân. Sy nimt yn juny nei twa jier ôfskied. Yn totaal hat sy sa'n 15 gedichten foar de gemeente skreaun.

De offisjele dichter fan Smellingerlân moat minimaal fiif kear yn it jier in gedicht foardrage. Dêrfoar krijt de dichter 150 euro per gedicht. De nije gemeentedichter moat minimaal 18 jier âld wêze en yn Smellingerlân wenje of wurkje. It giet om in oanstelling oant en mei juny 2016.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)