Nije digitale terpatlas

It Waadfûns jout goed twa miljoen euro oan 'Terpen- en Wierdenland, een verhaal in ontwikkeling'. Yn it projekt wurdt ûndersyk dien nei de skiednis fan seis terpen yn Fryslân en Grinslân. Yn Fryslân giet it om Winaam, Furdgum en Hallum. De bedoeling is dat fan alle doarpen in digitale atlas komt. Nei ferwachting is dy takom winter klear.
It jild fan it Waadfûns wurdt ek brûkt foar reparaasjes oan de terpen en aktiviteiten lykas lêzings, ekskursjes en lesprogramma's foar basisskoallen.