Stiennen Hearrenfean stroefer

28 apr 2014 - 16:04

De natuerstiennen befluorring yn it fuotgongersgebiet fan It Hearrenfean wurdt stroefer makke om útglydzjen tsjin te gean. De gemeente besleat de saak oan te pakken nei klachten fan minsken dy't útglieden. Ut in earder útfierde proef die bliken dat de metoade mei wetterstrielen de bêste resultaten jout. Om it winkeljend publyk net yn it paad te sitten, wurdt der net wurke as de winkels iepen binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)