Ynbrekker pakt by bushalte

© ANP XTRA
De plysje hat moandei yn Frjentsjer in 21-jierrige ynbrekker út Vleuten oanhâlden. Hy waard pakt by in bushalte oan de Hottingastrjitte.
De plysje hie in melding krige fan in ynbraak yn doarpshûs 't Waed yn Seisbierrum. De jildautomaat dêr wie yn de brân stutsen. De ynbrekker wie útnaaid op in scooter, mar hy wie fallen en doe rinnend fierder gien. De plysje sette de ynbrekker op Boargernet en begûn in syktocht mei ME en plysjehûnen. Uteinlik waard de man pakt yn Frjentsjer.
De plysje siket ek noch in âldere Opel. Dy is mooglik brûkt troch de ynbrekker en hy moat yn de omkriten fan Seisbierrum stean.