Auto botst op beam Aldtsjerk

28 apr 2014 - 10:28
Auto tsjin beam by Aldtsjerk - Foto: Anton Kappers

In 18-jierrige automobilist út Aldtsjerk is sneitemiddei ferwûne rekke by in iensidich ûngelok op de Trynwâldsterdyk. De man rekke de macht oer it stjoer kwyt en botste tsjin in ferkearsboerd en in beam. It boerd stie dêr om te warskôgjen foar slipgefaar.

It slachtoffer is nei it sikehûs ta brocht. De plysje ûndersiket hoe't de man fan de dyk ôf reitsje koe.

(advertinsje)
(advertinsje)