Fean kâns op Europeesk fuotbal

27 apr 2014 - 16:59

Sportklup Hearrenfean hat noch hyltiid kâns op rjochtstreekse pleatsing foar Europeesk fuotbal. De Feansters wûnen sneintemiddei de thúswedstriid yn it Abe Lenstra stadion mei 4-1 fan FC Utrecht. Hearrenfean bliuwt dêrmei op it sechsde plak stean. It earste doelpunt waard yn de 39e minút makke troch Marten de Roon. Yn de twadde helte foelen noch fjouwer doelpunten. Earst Hakim Ziyech yn de 67e minút, doe Joost van Aken yn de 82e minút en Alfred Finnbogason yn de ekstra tiid. Jacob Mulenga makke de 'earetreffer' foar Utrecht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)