Garypsters bedriigje plysje

27 apr 2014 - 14:30

De plysje hat sneontenacht yn Ljouwert twa ynwenners fan Garyp fan 23 en 24 jier oppakt foar it mishanneljen en bedriigjen fan plysjes. De manlju gedroegen har ferfelend by hoarekasaken yn de Alde Doelesteech.

In portier krige klappen fan ien út de groep dêr't de fertochten by hearden. De Garypsters sloegen en bedrigen de plysjeminsken dy't yngripe woene. De fertochten binne nei it buro brocht en hawwe dêr proses-ferbaal krigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)