Jild foar skipfeartbeakens

27 apr 2014 - 13:12

De eardere gemeente Wûnseradiel kin rekkenje op twa ton subsydzje fan it Waadfûns foar in opknapbeurt fan fiif monuminten. It giet om monuminten dy't earder wichtige beakens wienen foar de skipfeart op it Waad.

It giet dan om de tsjerketuorren fan Burchwert, Gaast, Ferwâlde en Parregea, en om de mûne fan Wytmarsum. Fan dy mûne moat in bûl ferfongen wurde. In bûl is in seef dêr't it moal mei souwe wurdt. It opknappen fan de fiif monuminten kostet mei-elkoar fjouwer ton.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)