Stellerij op bouterrein Harns

© ANP XTRA
De plysje hat sneontejûn yn Harns twa manlju oanhâlden foar de stellerij fan metalen. It giet om in 32-jierrige ynwenner fan de gemeente Súdwest-Fryslân en in 45-jierrige Ljouwerter.
In oplettende foarbygonger seach de twa op in bouterrein oan de Midlumerleane yn Harns en warskôge de plysje. Dy koe it duo oppakke. Yn harren fytstassen trof de plysje koper en izer oan. Dat is yn beslach naam. De manlju binne oerbrocht nei it buro en hawwe dêr proses-ferbaal krige.