Masine Aldemardum yn 'e brân

27 apr 2014 - 11:31

In asfaltearmasine dy't parkearre stie oan de Jan Schotanuswei yn Aldemardum, hat sneontenacht swiere skea oprûn by in brân. Om fiif oere hinne kaam de melding fan de brân binnen.

De brânwacht hie it fjoer al gau ûnder kontrôle, mar koe net foarkomme dat de masine swier skansearre rekke. De plysje hâldt rekken mei brânstifting. De eigener fan de masine hat oanjefte dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)