Tsjûgen geweld Stiens socht

27 apr 2014 - 11:21

In man fan 47 jier út Stiens is sneontejûn swier ferwûne rekke troch mishanneling. Dat barde yn en bûten in hoarekasaak oan de Pieter Jellessingel yn Stiens. Trije manlju makken in opmerking tsjin it slachtoffer, wêrnei't se spul krigen en mei elkoar op de fûst gienen.

De fjochtpartij gie bûten fierder. De man út Stiens waard sa slim mishannele, dat er in earm bruts. Hy waard ûnder oaren mei in bankje slein. It slachtoffer moast mei de ambulânse nei it sikehûs. De dieders binne útnaaid. De plysje is op syk nei tsjûgen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)