Manlju mei harddrugs oppakt

27 apr 2014 - 11:14

In 44-jierrige Ljouwerter is sneintemoarn betiid troch de plysje oanholden foar de hannel yn harddrugs. Yn syn klean troffen aginten seis wikkels mei kokaïne oan en trije boltsjes heroïne.

Op it Wilhelminaplein yn Ljouwert pakte de plysje in 19-jierrige ynwenner fan Feanwâlden op, dy't speed by him hie.

De plysje pakte op it festivalterrein op it Aldehoustertsjerkhôf in 22-jierrige man út Warten op. Befeiligers troffen yn de klean fan de man sân xtc-pillen oan.

De trije manlju binne fêstset op it plysjeburo. Dêr hawwe se proses-ferbaal krigen. De drugs binne yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)