Mishanneling yn Ljouwert

27 apr 2014 - 11:08

In 23-jierrige man út Ljouwert is sneontenacht oppakt foar swiere mishanneling. De fertochte krige spul mei in 17-jierrige stedsgenoat en sloech him mei in flesse op de holle.

It slachtoffer rekke ferwûne en moast nei dokter om holpen te wurden. De fertochte is nei it plysjeburo brocht, dêr't er proses-ferbaal krigen hat. It slachtoffer hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje mishanneling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)