Stiennen Hearrenfean oanpakt

27 apr 2014 - 10:07

De gemeente Hearrenfean begjint moandei mei wurksumheden oan de bestrjitting yn it sintrumgebiet. Troch de jierren hinne binne de natuerstiennen op guon plakken glêder wurden.

Om ûnfeilige sitewaasjes foar te kommen wurde de stiennen krêftich bestrield mei wetter. Foar dizze metoade is keazen nei oanlieding fan in proef dy't earder dit jier holden is. De wurksumheden kinne soargje foar lûdsoerlêst. It wurk oan de bestrjitting duorret sa'n seis wiken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)