Bilker: 'kening docht it goed'

Willem-Alexander hat syn rol as kening yn it earste jier opfallend goed oppakt. Dat fynt Keninklik Hûs-kenner Bearn Bilker. De nije kening is tagonglik, spontaan en foarmet mei keninginne Máxima in perfekt team.
It duo fiert ek in hiel soad taken sels út. Fierder is it neffens Bilker unyk dat âld-keninginne Beatrix as prinses noch altyd represintative funksjes útfiert. De oranje-saakkundige advisearret Willem-Alexander wol om it tal besites oan organisaasjes, bedriuwen en ynstellings mooglik wat te beheinen.
De besites dy't hy it ôfrûne keningsjier dien hat wiene faak koart, sadwaande wie der gjin tiid foar ferdjipping seit Bilker. De kening hat snein syn jierdei en wurdt dan 47 jier.