Minder animo aubade Kollum

26 apr 2014 - 13:17

Yn Kollum kamen sneontemoarn folle minder minsken nei de jierlikse aubade as oare jierren. De aubade is in muzikaal earbetoan oan de kening en it keningshûs.

Hoefolle minsken krekt oanwêzich wiene is net bekend. It foel ek boargemaster Bearn Bilker op dat it gersfjild foar it gemeentehûs minder fol stie as by eardere aubades. Bilker wol mei it Oranjekomitee Kollum ûndersykje wat de oarsaak fan de legere opkomst is.

Ek yn oare plakken waarden aubades organisearre. Lyk as yn Harns, dêr't it muzykspektakel al mear as santich jier holden wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)