Tonnen Ingelsk ôffal nei Omrin

26 apr 2014 - 11:49

Offalferwurker Omrin wol dit jier ek bûtenlânsk ôffal ferbaarne by de REC yn Harns. Neffens Omrin-direkteur John Vernooij giet it om fiiftûzen oant tsientûzen ton ôffal út Ingelân.

De kar foar bûtenlânsk ôffal hat gjin finansjele redens, seit Vernooij. It giet om de kwaliteit fan it ôffal. It Ingelske materiaal bestiet mear út húshâldlik ôffal en baarnt dêrom better.

Trefwurden: 
REC ôffal Omrin Ingelân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)