Fiif arrestaasjes Keningsnacht
De plysje hat op Keningsnacht yn Ljouwert fjouwer minsken oppakt. Twa fan harren hienen drugs yn besit, de oare twa binne arrestearre foar lytse oertredings.
Yn Snits is ek in persoan oppakt om't er wat fernield hie. De plysje omskriuwt de sfear fan ôfrûne Keningsnacht gesellich en is tefreden oer hoe't it ferrûn is.