Auto by Wikel yn 'e sleat

26 apr 2014 - 11:26

In 44-jierrige frou út Balk is freedtemiddei ferwûne rekke by in oanriding. It slachtoffer ried op de Heerenhoogweg by Wikel doe't se yn botsing kaam mei in 25-jierrige automobilist út Sleat.

Syn auto einige tsjin in lantearnepeal, mar hy rekke net ferwûne. De auto fan de frou rekke yn de sleat. De brânwacht koe har derút helje. Se is foar kontrôle nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
oanriding sleat Wikel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)