Mishannelings yn Ljouwert

Geweld © Omrop Fryslân
In 24-jierrige man út Ljouwert is freedtemiddei oppakt om't er in meiwurker fan in elektrisiteitsbedriuw fan de trap treaun hie. It slachtoffer moast de elektrisiteit fan in hûs yn de Kruisstrjitte ôfslute.
De bewenner wie it dêr lykwols net mei iens. It slachtoffer hat by de fal it ankel brutsen en is nei it sikehûs tabrocht.
Twa Ljouwerters fan beide 16 jier binne freedtemoarn oppakt foar mishanneling. De twa hienen op de Egelantierstrjitte in 16-jierrige stedsgenoat mishannele. It slachtoffer krige nei in rûzje ferskate klappen. Wêrom't de trije jonges in konflikt hienen is net dúdlik.